UNIS Flyers fierstente sterk foar Geleen

© Martin de Jong
De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe harren sneontejûn troch winst op Geleen definityf pleatst foar de play-offs fan de bekerkompetysje. Op It Hearrenfean waarden de LACO Eaters mei 6-0 ferslein. De ploech fan trainer Mike Nason stie nei ôfrin fan de earste perioade mei 1-0 foar.
Yn it twadde part fan de wedstriid rûnen de Feanster troch goals fan Den Edel en Bezak fierder út. Ek yn de lêste perioade gie it de Flyers foar de wyn. Bezak, Postma en nochris Bezak (yn totaal trije goals) soargen úteinlik foar in 6-0 oerwinning foar de Feanster iishockeyers.