It bliuwt dreech foar de iel om it Fryske wetter te berikken

Ielfiskers, wetterskippen, natuerorganisaasjes en provinsjes binne it allegearre iens: de ielstân yn it binnenwetter moat noch hieltyd better. Nettsjinsteande alle maatregels bliuwt it foar de iel dreech om it Fryske binnenwetter te berikken. Om de stân wer op peil te krijen wurdt faker iel útset. It inisjatyf komt ûnder oare fan de stichting Dupan, dêr't de beropsfiskers op it binnenwetter ek yn fertsjinwurdige binne. De stichting wol mei it útsetten de ielstân foarúthelpe.

Der wurdt yn totaal sa'n 1000 kilo geslachtsripe iel útset. Sneon waard by de SAS-steiger sa'n 700 kilo oerhevele nei de Waadsee. De iel kin dan yn waarmere gebieten soargje foar neiteam. It slagget de iel net om sels fan it binnenwetter nei de Waadsee te kommen.

Yn Fryslân wurdt mei in kwotum op de iel fiske. Dat leit op 36.000 ton. It kwotum is al helle, dat betsjut dat der net mear nei iel fiske wurde mei. Neffens Magnus van der Meer kinne de maatregels de iel goed helpe, mar binne de effekten pas oer in jier as trije te fernimmen. "It is net sa maklik foar de lytse glêsiel om yn it Fryske binnenwetter te kommen. Dizze 1000 kilo wie oars foar konsumpsje, dus wy kinne se better útsette en hoopje dat de lytse glêsiel oer trije jier it Fryske binnenwetter wer fine kin."