Rekôrrider George Schweigmann op 92-jierrige leeftiid stoarn

Schweigmann (rjochts) op de Ryptsjerksterpolder
De ferneamde Ljouwerter reedrider George Schweigmann is ôfrûne wike ferstoarn. Hy is 92-jier âld wurden. Schweigmann libbe foar it reedriden. Hy folbrocht acht Alvestêdetochten en wie ien fan de grûnlizzers fan it moderne maratonriden. Ferneamd waard Schweigmann mei de tocht fan 1963. Hy kaam doe as lêste toerrider flak foar 12 oere oer de streek yn Ljouwert. Njonken it riden wie Schweigmann ek bestjoerlik aktyf. Hy siet fan 1966 oant 1991 yn it bestjoer fan feriening De Friesche Elf Steden.

Schweigmann folbrocht de tochten fan 1942, '47, '54, '56, '63, '85, '86 en 1997. Hy is mei de yn 2013 ferstoarne Klaas de Groot fan Eagum en Idaerd rekôrhâlder. Yn in dokumintêre oer de Alvestêdetocht fan 1963 fertelde Schweigmann oer dy meunstertocht. Saaklik gie it doe net al te bêst. Hy ried de tocht út en fernaam fuort dat it saaklik ek wer better gie. Dat lei neffens Schweigmann oan it feit dat hy net opjûn hie. Trochsettingsfermogen hie hy mear as genôch. Sa wie hy oant syn dea hast alle dagen noch oan it sporten.