Romme winst foar UNIS Flyers tsjin Nijmegen

Stockfoto © Martin de Jong
De UNIS Flyers binne hurd op wei nei de heale finale fan de play-offs fan de Nederlânske bekerkompetysje. De ploech fan trainer Mike Nason wûn freedtejûn mei 7-2 de útwedstriid by Nijmegen. De perioadestannen wiene 0-3, 2-1 en 0-3.
Marco Postma iepene nei seis minuten de skoare foar de Flyers, nei in assist fan Adam Bezak. Bezak stie ek oan de basis fan de 0-2 en de 0-3, dy't inkelde minuten letter troch Lars den Edel en opnij Marco Postma binnen sketten waarden.
Healerwege de twadde perioade die Jake Hendriks wat werom foar Nijmegen en rap dêrnei kaam Nijmegen ek op 2-3 troch in doelpunt fan Nick de Jong. Mark Hoekstra soarge der mei de 2-4 foar dat de foarsprong foar de Flyers wer útboud waard. Den Edel makke yn de tredde perioade de 2-5 en de 2-6. Bezak soarge foar de 2-7.
De Flyers spylje sneontejûn tsjin de LACO Eaters út Geleen. As se winne, binne se pleatst foar de play-offs fan de bekerkompetysje.