Ljouwerter plysje siket man dy't trochrydt nei ûngelok

© ANP
De plysje yn Ljouwert is op syk nei de bestjoerder fan in grize Seat. De bestjoerder wie freedtejûn belutsen by in oanriding op de Pieter Stuyvesantwei yn Ljouwert mei in oare persoan. Wylst de oare persoan behannele waard troch medysk personiel, naaide de man yn de Seat út. De man droech op dat stuit in blauwe overal en hie in piercing yn syn gesicht. De plysje is ek op syk nei tsjûgen fan de oanriding.