Terpdoarp Furdgum fertelt syn eigen ferhaal

Furdgum wie altyd al in nijsgjirrich terpdoarpke mei in soad omtinken foar de skiednis. Dy fine je werom yn it Yeb Hettingamuseum, it ferneamde seaddehûs mar no ek yn de oanklaaiïng fan it doarp. Freed wie dêr de ôfsluting fan it waadfûns-projekt 'Terpen- en wierdenland, een verhaal in ontwikkeling'. Dêrby waard ek it nije doarpspleintsje oplevere dêr't benammen trije bankjes fan keunstner-keramist Paulien Ploeger yn it each springe. De kleuren ferwize nei de ferskate grûnlagen yn it gebiet en yn it ûntwerp komt ek de spanning tusken natuer en kultuer nei foaren en dy tusken see en terp.
It doarp is tige wiis mei de oanpassingen mar hat ek noch wol wat te winskjen. Sa kinne de parkearfersjenningen better en ek de ferbining mei de oare kearnen fan it doarp.