Wrâlderfgoedsintrum by haven Lauwerseach is helber

De haven fan Lauwerseach © Rykswettersteat
In nij wrâlderfgoedsintrum by de haven fan Lauwerseach is helber. Dat docht bliken út ûndersyk troch ûnder oare de gemeente De Marne, de provinsje Grinslân, seehûnesintrum Pieterburen en Steatsboskbehear. It ûndersyk is tongersdei presintearre. Dêrmei is der dúdlikheid kaam oer de plannen foar it sintrum. De ferskate partijen koene it earst net iens wurde oer wa't ferantwurdlik wurde soe foar de eksploitaasje fan it nije gebou.
Yn it gebou moatte it seehûnesintrum, Steatsboskbehear en in hotel ûnderbrocht wurde. Ek komme der in Waadhal, in fariant op de Markthal yn Rotterdam, en in museum yn it gebou. De bou moat yn 2020 begjinne. It sintrum moat jierliks 150.000 besikers lûke. De kosten binne tusken de 25 en 30 miljoen euro.
De provinsje Fryslân is om in bydrage frege, mar dy hat noch gjin tasizzingen dien.