Kollum: "Parelli"

"De ôfrûne wike ha ik in masterclass fan fiif dagen hân fan Linda Parelli. Dat is de frou fan cowboy Pat Parelli út Amearika en hy hat it natural horsemanship de wrâld yn brocht. Se hawwe it konsept fan de fjouwer horsenality’s ûntwikkele; de left-brain introvert en extrovert hynders en de right-brain introvert en extrovert hynders. Left-brain hynders binne ornaris dominant, selsfersekere en net gau bang. De right-brain hynders binne gau bang, ûnseker en ûnderdienich. De yntroverte hynders hawwe minder enerzjy as de ekstraverte.
Myn haflinger en shetlanner wiene beide left-brain hynders. De haflinger wie hiel dominant en omdat se myn earste hynder wie, hie se straal de gek mei my. Doe bin ik begûn te lêzen en kaam ik út by Parelli. Jierren lyn hiene se in Europeeske toer en doe wiene se ek yn Birmingham. Dêr ha ik west en it gong oer de horsenality’s. Ik fûn it tige nijsgjirrich en doe’t ik wist hokker hynder ik hie en hoe’t ik dêr it bêste mei omgean koe, wie de striid oer wa’t baas is, foarby.
Mar doe kaam Mindert, ús Fryske hynder. Hy seach oeral spûken, hie gjin selsfertrouwen en siet gau op de adrenaline. Hy koe skrikke fan neat en dan skrok ik my ek in ûngelok. Ik wie sa’n hynder net wend en waard der hiel nerveus fan. Dus wie ik net de lieder dy’t er nedich hie en neidat er in kear mei my op ‘e kletter gong, ha ik help socht by Het Lage Woud yn Makkingea. Dêr hat Mindert wol in wike as acht west en ik gong der hast alle dagen hinne.
Mindert is in right-brain introvert. It is in skat! As er in man west hie, soe er blommen foar dy keapje, alle dagen sizze dat er fan dy hâldt en doarren foar dy iepenhâlde. Mar as der in ynbrekker kaam, soe er op dyn rêch springe of gau útnaaie. Foar sokke fratsen bin ik te âld en ik ha echt wol twivele oft ik de lieder wêze koe dy’t er nedich hie, want dit wie net samar klear. Mar troch goede begelieding, de seven games en benammen in soad werhelling, hawwe wy in manier fan kommunisearjen ûntwikkele dêr’t we beide folle mear selsfertrouwen troch krigen ha.
Mindert hat in soad tiid nedich om te learen en we binne by de basis begûn. Hy hat dêr sa’n spanning loslitten en die bytiden oars net as gapje. Ik ha ek wolris in dei oerslein omdat er hiel ôfwêzich en apatysk wie. Hy moast in soad ferwurkje mar troch rekken mei him te hâlden en him de training te jaan dy't by syn horsenality past, is er hiel bot feroare. Sels safolle dat er sa út en troch wolris wat left-brain trekjes krijt. En wat er leard hat, ferjit er noait wer.
Dat is posityf en gelokkich hawwe wy, sawol foar it riden as de frijheidsdressuer, les fan minsken dy't ek sa mei hynders omgean. Alles bart op basis fan respekt, in goede kommunikaasje en fertrouwen. Ik hie lêst frijheidsdressuer om ien oere mar Mindert wie net sa fanatyk as oars omdat er leaver nei it lân woe. Op in bepaald momint spuide er as in dwers bern de stikjes woartel út op ´e grûn en dat wie sa fermaaklik!
Dy oars sa bleue Mindert krijt hieltyd mear in miening en doart dat ek te uterjen. Wy moatte noch in soad leare mar binne op de goede wei. It is in moaie reis en Mindert wurdt grif noch wolris in stoere keardel, mei tank oan Parelli. En dizze kear wie Linda yn Stienwyk, dat is tichteby as Birmingham."