Biofergister Koatstertille mooglik mear bûten doarpskearn

It enerzjybedriuw Universal Energy Solutions dat in biofergister bouwe wol yn Koatstertille, is ree om in alternative lokaasje te sykjen mear bûten de doarpskearn. Sa wol it bedriuw temjitte komme oan de winsken fan de ynwenners fan it doarp. Dat meldt de gemeente Achtkarspelen. It bedriuw hat wol it stik grûn kocht op bedriuweterrein West dêr't de fergister earst komme soe.

As der binnen in healjier gjin geskikte oare lokaasje fûn wurdt, dan komt de biofergister oan de Westkern. Ynwenners binne dêr poer op tsjin. Se binne benaud foar stankoerlêst en ferkearsoerlêst.