Fryske brânwacht docht te min om nije frijwilligers te finen

De Fryske brânwacht docht net genôch om nije frijwilligers te finen. Alteast, dat is de miening fan in kwart fan de minsken fan de brânwacht yn Fryslân. Dit docht bliken út in ûndersyk dat de brânwacht sels hâlden hat.
Yn datselde ûndersyk komt nei foaren dat de minsken fan de Fryske brânwacht entûsjaster binne oer de eigen organisaasje, as de trochsnee Nederlânske brânspuitman.
De Fryske brânwacht krijt gemiddeld in 6,7. Nasjonaal sjoen bliuwt it gemiddelde stykjen op in 6,2.