Moanne selstraf foar man dy't syn eks-partner stalkte

Rjochter © Omrop Fryslân
In man út De Lemmer hat in selstraf fan in moanne krigen, om't er syn eks-partner stalkt hat. Hy mei de kommende trije jier ek net yn Coevorden komme, dêr't it slachtoffer wennet. Hy mei ek gjin kontakt mei har opnimme.
Yn febrewaris hie de man hjirom ek al foar de rjochter stien. Doe krige er in wurkstraf. Om't er neffens de wet net noch in kear in wurkstraf ha mei, krige er selstraf. Alle kearen dat er him net oan it kontakt- en lokaasjeferbod hâldt, giet er in wike de sel yn, mei in maksimum fan seis moanne. De man moat ek tûzen euro smertejild oan syn eks-partner betelje.