Schierstins krijt midsiuwsk gurdlebeslach yn brûklien

De Schierstins yn Feanwâlden hat in bysûnder foarwerp yn brûklien krigen fan amateur-archeolooch Robbert Velt út Ljouwert. It giet om in brûnzen beslachje dat tusken 1200 en 1500 troch stinsbewenners op harren gurdle droegen waard. It gurdlebeslach hat de foarm fan in stins en dêrom fûn Velt it moai om it oan it kultureel-histoarysk sintrum te oerlangjen. Velt ûntduts it objekt mei syn metaaldetektor op in midsiuwsk stinzeterrein yn Eastergo.
In de midsiuwen wiene der yn ús provinsje in soad kastielen en ridders. Allinnich neame wy it yn Fryslân gjin kastiel, mar in stins. Dat is in toer fan bakstiennen dêr't de elite him ferskûlje koe foar de fijân. De Schierstins is de iennige midsiuwske stins dy't oerbleaun is yn Fryslân.
Velt oerlanget it gurdlebeslach freed offisjeel oan de Schierstins, mar tongersdeitejûn is hy der al mei te sjen yn Fryslân Hjoed yn de rubryk 'Geheimen ûnder de grûn'.