FIDEO: Timelapse wurksumheden Europaplein

Oanlis fan de turborotonde op it Europaplein © Vrij Baan
It ferkear koe ferline wike moandei foar it earst oer de nije turborotonde fan it Europaplein yn Ljouwert. It projekt falt ûnder Vrij Baan, dy't de ôfrûne twa moannen oanwêzich wie om de wurksumheden op it plein op byld fêst te lizzen. Foardat de turborotonde yn gebrûk naam wurde koe, moast der fan alles gebeure, sa as it asfaltearjen fan de rotonde en it oanbringen fan strepen. Ein dit jier moat it hiele projekt klear wêze. Dan kinne ek fytsers en kuierders gebrûk meitsje fan de tunnels ûnder de rotonde.