Famylje en freonen ha faker firtueel kontakt as yn 't echt

Famylje en freonen ha faker kontakt mei-elkoar fia ynternet of mobyl, as dat se elkoar yn 't echt sjogge. Tusken buorlju is der wol faker persoanlik kontakt. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau (FSP) ûnder 2248 leden fan Panel Fryslân. Troch de technyske mooglikheden is der folle minder needsaak om elkoar persoanlik te moetsjen. Dat jildt benammen foar minsken tusken de 35 en 75 jier. Friezen tusken de 15 en 35 jier sjogge mekoar wol reedlik faak yn it echt, mar ha noch folle faker firtueel kontakt. By de 75-plussers is it sawat fiftyfifty.
Neffens it FSP binne Friezen oer it algemien poer tefreden mei harren sosjale kontakten. Mear as 80 prosint seit dat se minsken ha dêr't se by terjochte kinne en mei wa't se goed prate kinne.