Wa keapet in bakstien foar de seehûne-opfang op Skylge?

Tweintichtûzen firtuele bakstiennen moatte soargje foar in permaninte seehûne-opfang op Skylge. Foar in tientsje per stik kinne minsken in stien keapje. Sa hopet de organisaasje fan de tydlike opfang dy't der no is yn elk gefal 200.000 euro byelkoar te bringen. "Afgelopen zondag waren er 200 verkocht. Als we in totaal 200.000 euro als startbedrag hebben, kunnen we aanspraak maken op subsidie. Dan hopen we in combinatie met crowdfunding en sponsoren tot een totaalbedrag van 1 miljoen euro te komen'', sa seit Guus Schweigmann fan de opfang.
De opfang sit no op in tydlik plak op West-Skylge, mar yn 2019 moat er dêr wei. De organisaasje is yn petear mei de gemeente oer in geskikte lokaasje. Op dit stuit binne der al trije opsjes: in plak flak by de jachthaven, in pleats op East-Skylge en it Kleiplak. Schweigmann: "Die laatste plek hebben we het liefst en past natuurlijk heel goed bij de zeehonden."
Neist bakstiennekeapers, is de seehûne-opfang ek noch altyd op syk nei mear frijwilligers.