Enerzjysunige minsken wurde net beleanne

Isolaasjesubsydzje
It is gjin goede saak dat minsken dy't har hûs enerzjyneutraal meitsje wolle, dêr noch mar 6.000 euro subsydzje foar krije kinne. Dat fynt de ChristenUnie yn Provinsjale Steaten. Sûnt dizze moanne is de subsydzjeregeling 'Nul op de meter' fan de provinsje Fryslân wer iepensteld, mar de regeling is folle soberder as ferline jier. Doe koene wenningeigeners noch 9.000 euro krije as fergoeding foar de kosten foar bygelyks sinnepanielen en isolaasje.
De ChristenUnie fynt dat spitich en wiist op de ambysje om yn 2025 enerzjyneutraal te wêzen. Dêrfoar moatte alle huzen yn de provinsje oanpast wurde. De provinsje is neffens de ChristenUnie no net ambisjeus genôch om it doel te heljen. De fraksje yn Provinsjale Steaten hat der skriftlike fragen oer steld oan Deputearre Steaten.