Reade Krús siket frijwilligers foar eveneminten LF2018

Yn Fryslân binne takom jier in hiel soad aktiviteiten yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018. Dy aktiviteiten ha ek konsekwinsjes foar de helpferliening yn ús provinsje. It Reade Krús soarget der mei frijwilligers foar dat eveneminten feilich ferrinne. Dêrfoar binne in hiel soad minsken nedich. It Reade Krús is dizze wike mei in grutte wervingskampanje begûn.
It Reade Krús hat no sa'n 275 frijwilligers yn Fryslân, en wol it leafst 100 nije minsken oanlûke. "Dat is in hiele protte en it sil wol net yn ien kear slagje mei dizze kampanje," fertelt Willem Boorsma fan it Reade Krús. "We ha it struktureel drokker, ús minsken wurde hieltyd faker ynset by lytse eveneminten. De minsken dy't we no ha, rinne al op de top fan har kinnen." De organisaasje siket benammen minsken dy't tiid ha. Yn trochsneed freget de organisaasje dat frijwilligers 32 oeren yn it jier beskikber binne. "Net alle eveneminten binne yn it wykein, benammen lytsere binne faak troch de wike. Fierder moatte minsken it leuk fine om derby te wêzen. Se moatte by ús de kursus EHBO helje, dy krije se fergees."
De lanlike kampanje wurdt fierd yn de media, mar benammen ek op ferskate sosjale media om sa ek jonge minsken te berikken. Yn prinsipe is it mooglik om allinne foar takom jier frijwilliger te wurden, mar "we ha leaver dat minsken op langere termyn bliuwe. We ynvestearje wol yn de minsken. Mar we binne bliid mei elkenien dy't him of har oanmeldt."