Gordykster Merke lûkt wer oan

Gesellige drokte op de Gordykster Merke © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Nei it sukses fan it ferpleatsen fan de maitiidsedysje fan de jiermerk op 'e Gordyk nei de snein, ferhuzet ek de hjerstedysje nei de snein. Gewoanwei waard dy op de lêste moandei fan oktober hâlden. Mar om't skoallen en bedriuwen net langer ticht geane sadat minsken nei de merk kinne, rûn it oantal besikers stadichoan werom. Troch de jiermerk te ferpleatsen nei de snein, is de belangstelling bot tanaam. Net allinnich fan besikers, mar ek fan keaplju.
De organisaasje moat foar de hjerstmerk op 29 oktober sels mear strjitten by de jiermerk belûke om alle ynskriuwers in plak jaan te kinnen. Dêrneist binne ek de winkels yn it doarp iepen. De Gordykster Merke, mei ek de tradisjonele merk, bestiet al 400 jier.