Twa manlju ferwûne by bedriuwsûngelok yn Eastermar

By in ûngelok by betonbedriuw VBI yn Eastermar binne tiisdeitemiddei twa manlju ferwûne rekke. It ûngelok ûntstie trochdat der in heechwurker omfoel. Der kamen meardere ambulânsen en in traumahelikopter nei Eastermar. Mei-elkoar hawwe se de ferwûnen behannele, dy't dêrnei nei it sikehûs brocht binne. Se hiene beide ferwûningen oan de skonken. Ien slachtoffer is nei it UMCG yn Grins brocht, de oare man nei it MCL yn Ljouwert. It is net dúdlik oft de slachtoffers yn de heechwurker sieten of dat se derûnder kommen binne. De arbeidsynspeksje ûndersiket it ûngelok.