Beswieren fan omwenners tsjin minycamping Murns

© Omrop Fryslân
De Ried fan Steat hat tiisdei beswieren behannele tsjin de komst fan in minycamping oan de Murnserdyk yn Murns. Omwenners binne it net iens mei de fergunning dy't de gemeente ôfjûn hat foar in camping mei plak foar 15 campers. De omwenners binne benaud foar ferkearsoerlêst en tinke ek dat de campinggasten de rêst by it begraafplak en de klokkestoel fan Murns fersteure sille.
Neffens de gemeente is de eangst net terjochte. De beswiermakkers wiene tiisdei net by de sitting oanwêzich, de Ried fan Steat fûn dat spitich. Dy Ried fan Steat docht letter útspraak yn de saak.