Wer plofkreak yn Fryslân, no yn Bakkefean

Yn Bakkefean binne tsien wenningen oan de Duerswâldmer Wei ûntromme fanwegen in plofkreak op de pinautomaat fan de Rabobank yn de Poiesz-supermerk. Bewenners hearden om trije oere hinne in lûde knal. De plysje fûn eksplosiven yn de automaat en hat dêrom tsien wenningen ûntromme en de omjouwing ôfset. Tsjin njoggenen hie de EOD, de Explosieven Opruimingsdienst Defensie, it eksplosyf fuort helle. De bewenners koene doe werom nei hûs. It eksplosyf wurdt bûten Bakkefean op in feilich plak ta ûntploffing brocht.
Grutte skea
De skea oan de jildautomaat is grut, op strjitte leine meardere brokstikken. De dieders binne útnaaid yn in donkerkleurige auto rjochting Haulerwyk. De plysje is in syktocht begûn nei de dieders. Dêrby is ek in helikopter ynset. It is net dúdlik wat der bút makke is.
Twadde plofkreak
De plofkreak yn Bakkefean is de twadde yn 24 oeren tiid yn de regio. Sneintenacht wie der in mislearre plofkreak yn Haulerwyk. Hjir moasten sa'n tweintich minsken har hûs út fanwegen ûntploffingsgefaar. Yn de pinautomaat wie in eksplosyf efterbleaun. Dat is ûnskealik makke troch de Explosieven Opruimingsdienst.