Gjin skealike stoffen fûn yn Frjentsjer, brânwacht skaalt ôf

De brânwacht hat moandeitejûn by mjittings yn de stêd Frjentsjer bûten it Huhtamaki-terrein gjin skealike stoffen oantroffen. Gemeente en feilichheidsregio hawwe dêrom om twa oere nachts de situaasje ôfskaald fan GRIP 3 nei GRIP 1 en letter nei GRIP 0. De brânwacht sloech moandeitejûn grut alaarm om't der by it bedriuw Huhtamaki yn Frjentsjer twa minsken net goed waarden. Sy binne opnommen yn it sikehûs, om't se problemen hawwe mei sykheljen. Yn it fabryk soene gemikaliën frijkaam wêze, mar om hokker stof it krekt giet is net dúdlik.
De brânwacht skaalde op in gegeven stuit sels op nei in saneamde GRIP 3-situaasje. De gemeente Frjentsjerteradiel rjochte dêrop in folslein krisissintrum yn mei meiwurkers fan de eigen en oare gemeenten. Ynwenners fan Frjentsjer waard fia NL Alert frege om ruten en doarren ticht te hâlden, en binnendoar te bliuwen. Ek it útlitten fan de hûn waard ôfret. As de brânwacht by mjittings yn de stêd Frjentsjer gefaarlike stoffen oantroffen hie, dan hie evakuaasje fan in part fan de stêd in opsje wêze kinnen, mar safier kaam it net.