Plysje en brânwacht ride 11 stêden by del mei previnsjetruck

Fierstente min Friezen nimme de muoite om de eigen weardefolle besittings te registrearjen. Dat seit de plysje. Om dêr wat oan te dwaan, reizget de plysje mei in spesjale previnsjewein de alve stêden bydel. Moandei wie de ôftraap fan dy kampanje op it Ljouwerter Waachplein. De kampanje is hurd nedich, want op dit stuit hat mar ien op de tsien Friezen it eigen weardefolle guod registrearre. Mei help fan tûzenen ynformaasjefolders en de spesjale app 'Stop Heling' wol previnsjekoördinator Jan Mulder de minsken motivearje om gau harren weardefolle saken te registrearjen.
Dat is de muoite wurdich, seit Mulder, want dan is de kâns om it guod werom te krijen nei in ynbraak folle grutter. 'Stop Heling' hat ek in oare funksje. Troch searjenûmers fan twaddehâns guod op de app yn te fieren, kinne minsken foarkomme dat se guod keapje dat stellen is. Neffens de plysje komt soks hiel geregeld foar. De plysje hâlde okkerdeis yn Ljouwert noch in frou oan dy't op in stellen scooter ried. De frou hie dy scooter op Marktplaats kocht. Se hie net yn de gaten dat er stellen wie.

Njonken de plysje docht ek de Fryske brânwacht mei oan de alvestêdetocht, mei wer in hiel oar boadskip: De brânwacht wol graach dat alle Friezen dy't yn in hûs wenje dat boud is foar 2003, in reekmelder ophingje. Dat advys is ekstra fan belang foar selsstannich wenjende âlderen, seit Anne de Jager fan de brânwacht. In reekmelder slacht alarm by brân en kin sadwaande libbens rêde. In oar advys fan de brânwacht is om nachts alle doarren yn hûs goed ticht te hâlden. As der dan earne yn hûs brân ûntstiet, kin it fjoer him folle minder rap ferspriede.