Gemeente Hearrenfean ferleget OZB

It gemeentehûs fan Hearrenfean © Frank Vink
De gemeente Hearrenfean hat genôch jild om takom jier te ynvestearjen. Dat docht bliken út de begrutting foar 2018. De gemeente lûkt jild út foar ûnder oare minsken mei in útkearing, feilichheid en sport. Fierders giet de ûnreplikesaakbelesting (OZB) nei ûnderen.
Takom jier binne der riedsferkiezings en dêrom hat it sittende gemeentebestjoer de plannen op lange termyn net te bot ynfolle. Dat wurdt oan de nije gemeenteried oerlitten. De gemeente hat in reserve fan goed 30 miljoen euro.