IJntema Carrosseriebouw bestiet 140 jier

IJntema Carrosseriebouw fiert dizze moanne it 140- jierrich bestean. It bedriuw begûn yn 1877 yn Warkum. Sûnt ein jierren tachtich sit it op It Hearrenfean. It bedriuw hat it ferskate kearen dreech hân en yn de jierren tritich gie it sels fallyt. Mar it bedriuw bestiet dus noch altyd en bout allerhanne karrosseryen foaral op frachtweinen. De hjoeddeistige lieding is yn hannen fan Bauke IJntema.
Eins is it bedriuw noch folle âlder. De earste eigener en oprjochter, Jochem Deinum, sette al yn 1808 yn Warkum útein as weinbouwer. Yn 1877 kaam it yn hannen fan de famylje IJntema. Dy oername wurdt oanhâlden om it jubileum te fieren.