"Sietske Poepjes moat minister wurde"

De Fryske deputearre Sietske Poepjes moat minister fan Kultuer wurde yn it kabinet Rutte-III. Dat fynt âld-CDA-politkus Rendert Algra. Algra die dy suggestje snein yn it radioprogramma Buro de Vries.
Ald-deputearre Piet Adema, dy't no lanlike foarsitter fan de ChristenUnie is, soe geskikt wêze op ynfrastruktuer, fynt Algra. "Sander de Rouwe soe ek in goeie kandidaat wêze, mar sjoen syn leeftiid kin dat ek noch wol eefkes wachtsje."
"Der binne mear geskikte Friezen"
Oare geskikte Fryske kandidaten foar in post as minister of steatssiktaris binne neffens Rendert Algra it Ljouwerter VVD-keamerlid Aukje de Vries, hoareka-ûndernimmer Geesje Duursma fan Burgum en de Friezen om utens Pieter Heerma en Wopke Hoekstra.
Aukje de Vries hold har op de flakte oer in mooglike ministerspost. "It is in leuk selskipsspultsje, mar dizze fraach is no net oan 'e oarder", sei se yn Buro de Vries.