Sportklup Hearrenfean ûnderút by FC Utrecht

Sportklup Hearrenfean is sneontejûn tsjin it twadde ferlies yn de kompetysje oanrûn. De ploech fan trainer Jurgen Streppel, de nûmer fiif fan de earedifyzje, gie mei 3-1 ûnderút tsjin Utrecht, de nûmer tsien. Foar Hearrenfean skoarde Stijn Schaars.
Oerwicht
Thúsploech Utrecht soarge oan it begjin fan de wedstriid foar it earste gefaar. Jean-Christophe Bahebeck's skot op doel gie krekt neist. Foar Hearrenfean krige Yuki Kobayashi dêrnei in kâns, mar syn pegel gie der ek net yn. Hearrenfean krige stadichoan it oerwicht yn de wedstriid en nei goed tweintich minuten spyljen makke Stijn Schaars de iepeningstreffer út in frije traap. In minút letter stie it lykwols 1-1, nei't ek Yassin Ayoub in frije traap binnen skeat. Utrecht kaam dêrnei krekt foar it skoft tsjin de ferhâlding yn op 2-1 troch in hurd skot fan Bahebeck.
Bahebeck
De twadde helte hie Hearrenfean in skoft it bêste fan it spul, mar wie it Utrecht dat skoarde. Opnij Bahebeck soarge foar in doelpunt: 3-1. Hearrenfean krige dêrnei in enoarme kâns op de oanslutingstreffer, mar Michel Vlap kopte in foarset fan Reza Ghoochannejhad neist. Yn de einfaze setten de Feansters noch oan, mar ta in doelpunt kaam it net mear, sadat de 3-1 foar Utrecht op it skoareboerd stean bleau.