Brânwacht nei Molkwar foar ûntplofte gaskachel
By in ûntploffing yn in fakânsjehûske yn Molkwar is ien persoan ferwûne rekke. It is net dúdlik hoe't it slachtoffer der oan ta is. Neffens de plysje liket it derop dat der in gaskachel ûntploft is. De oarsaak dêrfan is noch net dúdlik.