Trettjin partijen by gemeenteriedsferkiezingen Ljouwert

Der dogge trettjin partijen mei oan de gemeenteriedsferkiezingen yn Ljouwert op 22 novimber. Dat docht bliken nei de sitting fan it stimburo mei boargemaster Ferd Crone freedtemiddei. Der binne fjouwer partijen by dy't op it stuit noch gjin setels ha: Lijst 058, de Partij voor de Dieren, 50Plus en de Nederlands Klokkenluiders Partij. Fierder giet it om de PvdA, CDA, D66. VVD, Gemeentebelangen, PAL Groenlinks, FNP, ChristenUnie en Verenigd Links (Feriene Lofts).
Waadhoeke
Ek yn de Waadhoeke waarden freed de listen bekend. Dêr dogge seis partijen mei oan de ferkiezingen. Dêr sit ien nije partij by: SAM. Dat is in kombinaasje fan PvdA, D66, GroenLinks en Werkgroep het Bildt. De oare partijen binne Gemeentebelangen, CDA, FNP, VVD en Christenunie. CDA en Christenunie kombinearje harren listen.
Súdwest-Fryslân
Yn Súdwest-Fryslân waarden de twa partijen bekend makke dy't no noch net yn 'e gemeenteried sitte mar wol mei dwaan meie oan de kommende ferkiezingen. Dat binne de Partij voor de Bijstand en JONG. Fierder geane de GroenLinks en PvdA in listferbining mei inoar oan, lykas de ChristenUnie en it CDA. De kandidatelisten waarden ek bekend makke: de 19-jierrige Habtamu de Hoop fan Wommels, ek wol bekend fan de programma's Keatsen foar dummies en Fryslân Hjoed (De Battle) fan Omrop Fryslân, stiet op nûmer 6 op de list fan de PvdA.