''Operaasjewanten wurde hjir útwosken en opnij brûkt''

Se fynt it sels net hiel bysûnder, mar as se yn har deiboek fan 20 jier lyn lêst oer har earste besite oan Bangladesh, grypt it Gerry Aerts út De Gordyk wol deeglik oan. "Ik realisearje it my eins nea sa, mar as ik dit sa lês dan docht it my wol wat.'' Al 20 jier lang reizget se geregeld nei dit Aziatyske lân om te helpen de hygiëne yn de sikehuzen op in heger peil te krijen. Yntusken hat kollega Nelly Holland fan Grou ek al 11 kear mei west. Se jouwe les yn ynfeksje-previnsje en hygiëne oan ferpleechkundigen, dokters en sikehûsmanagers.
Sels in sikehûs bouwe
Bangladesh is in tichtbefolke lân en der binne in hiel soad sikehuzen. "As je in bytsje jild hawwe en je wolle wat dwaan foar je doarp, dan is it dêr hiel gebrûklik om in sikehûs te bouwen," fertelt Gerry. "Se bouwe út har goeie hert in sikehûs, mar witte net hoe se it organisearje moatte".
De froulju kamen ris yn in nagelnij sikehûs dêr't ien waskbakje wie foar 40 pasjinten, de skjinmakkers en dêr't ek de besite gebrûk fan makke at se it iten foar de pasjint klearmeitsje moasten. It is yn Bangladesh gebrûklik dat de famylje it iten foar de pasjint meibringt.
In oare bril
"Je moet daar met een heel andere bril kijken," leit Nelly út. "Niet met de normen van hier want daar gebruiken ze op een OK de handschoenen gewoon weer". Derom komt der by it wurk fan Gerry en Nelly ek in stikje managementorganisaasje by sjen.
Ferbetteringen
Sûnt dy earste reis yn 1997 ha de froulju berikt dat der yn oerheidssikehuzen no belied wêze moat op it mêd fan ynfeksje-previnsje. Stapke foar stapke sjogge se ferbetteringen. "20 jier lyn waard medysk ôffal noch ferkocht, tsjintwurdich wurdt dêr better op tasjoen en wurde nullen en spuiten faker ynsammele".
Kongres
Yn novimber gean beide froulju opnij nei Bangladesh. Se binne útnûge om te sprekken op in grut kongres oer sikehûshygiêne. Dat kongres wurdt holden omdat de beropsferiening foar sikehûshygiënisten yn Bangladesh 20 jier bestiet.
Harkje nei it folsleine petear, snein yn Buro de Vries op Omrop Fryslân Radio. Kinsto net wachtsje? Beharkje dan de reportaazje hjirboppe.