Van Hall Larenstein yntrodusearret minor 'itensfraude'

13 okt 2017 - 15:28

Hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert komt mei in oplieding dy't him rjochtet op fraude mei iten. De nije minor Food Forensics en Toxicology begjint yn febrewaris. Studinten leare hoe't se fraude mei iten opspoare, identifisearje en analysearje kinne. En se leare stoffen yn iten op te spoaren, dy't risiko's opsmite foar de sûnens.

De oplieding is net allinne foar eigen studinten, ek studinten fan oare hegeskoallen kinne har derfoar ynskriuwe. Der is plak foar 24 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)