PvdA: "Wynpark by Ofslútdyk yn de iiskast sette"

13 okt 2017 - 15:23

Deputearre Steaten moat de plannen foar it wynpark Nij Hiddum Houw by de Ofslútdyk noch efkes yn 'e iiskast sette. Dat fynt de steatefraksje fan de PvdA. De fraksje makket him soargen oer it draachflak foar de plannen yn de streek, dêr't de wynmûnen komme moatte. Neffens de PvdA is der ûnrêst yn de omjouwing en fine minsken dy't der wenje dat it allegearre wol hiel hurd giet. De stichting Hou Friesland Mooi en doarpsbelang Wytmarsum binne út de advysried stapt, omdat der te min nei har harke wurde soe.

Hou Friesland Mooi komt mei in eigen plan. De PvdA-steatefraksje fynt dat Deputearre Steaten dêr rekken mei hâlde moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)