Bedriuw út Sint-Anne belutsen by Volvo Ocean Race

Boat yn de Volvo Ocean Race
Faber Audiovisuals út Sint-Anne sil by de kommende Volvo Ocean Race op lokaasje it lûd en byld fersoargje. De wrâldwide en ferneamde race begjint op 22 oktober yn Alicante en einiget nei 80.000 kilometer en acht moannen yn Den Haag. De sân dielnimmers dogge yn totaal seis kontininten en tolve stêden oan. Om alles goed folgje te kinnen, set Faber twa sets mei apparatuer yn.
Ien set mei audiofisuele apparatuer reizget hieltyd foarút nei de folgjende lokaasje. Faber hat hast in jier mei de tariedingen dwaande west. Trije meiwurkers reizgje de hiele race mei.