Goed 200 'pimels' krije kleurke foar pauperfontein

13 okt 2017 - 14:03

Yn Warkum wurdt freed de pauperfontein ferve. It is in opfallende klus, omdat de fontein út mear as twahûndert houten pimels bestiet. De pauperfontein is in protestaksje tsjin it 11Fountains-projekt. De alve stêden fan Fryslân krije in fontein yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018. 

Teätergroep De Paupers wie it net iens mei de pleatsingsproseduere fan de alve fonteinen, omdat it neffens harren te bot fan boppe ôf oplein waard. "It hat nea mienskip west, mar it idee fan in projektûntwikkeler dy't wat meistanners socht hat", seit inisjatyfnimmer Henk de Boer fan de pauperfontein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)