"Strangere easken oan webhosts yn striid tsjin cybercrime"

13 okt 2017 - 13:48

Gemeenten moatte strangere easken stelle oan bedriuwen dy't websides opslaan, it saneamde 'hosten'. Dat seit Ronald van der Werf fan de Cybercrime Unit fan de plysje. "In snackbar moat oan guon easken foldwaan foar't dy patat bakke mei, mar sa'n webprovider kin sa oan de slach", stelt Van der Werf. As sa'n bedriuw syn feiligens net op oarder hat, kin kriminelen der misbrûk fan meitsje. Dêrom pleitet Van der Werf foar in bettere kontrôle fan dit soarte bedriuwen.

Freedtemoarn waard by in moarnsbrochje yn Ljouwert stilstean by cybercrime. De gemeente hie de byienkomst organisearre yn it ramt fan de wike fan de feiligens. In soad ûndernimmers wurde it slachtoffer fan cybercrime. Lanlik rint de skea by bedriuwen op oant 10 miljard euro. Dêrfan is 9 miljard foar grutte ûndernimmingen. It MKB hat in skea fan sa'n 1 miljard euro.

Der wurdt lykwols amper oanjefte dien. Neffens Van der Werf mar yn sa'n 8 persint fan de gefallen. De opspoaring fan de kriminelen is lestich. Om't dy op ynternet frij anonym wurkje kinne, is it dreech se te pakken. Dochs wurde yn 10 oant 20 persint fan de gefallen oanknopingspunten fûn om de misdied op te lossen. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)