Ljouwerter universitêre bacheloroplieding akkreditearre

13 okt 2017 - 12:27

Studinten kinne har fan no ôf ynskriuwe foar de nije Ljouwerter universitêre oplieding Global Responsibility and Leadership. De bachelor oplieding set yn septimber 2018 útein, en hat krekt de akkreditaasje fan it ministearje krigen om los te gean mei alle tariedings. Der is plak foar sa'n 75 oant 100 studinten. De oplieding is basearre op de VN-aginda foar duorsume ûntwikkeling en hat in soad omtinken foar it ûntwikkeljen fan liederskipskwaliteiten. De learlingen wurde ferplichte om yn it earste jier byinoar yn ien gebou te wenjen, op rinôfstân fan De Beurs yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)