Tigers út Aleppo komme moandei oan yn Nijeberkeap

13 okt 2017 - 12:02

De twa tigers út it Syryske Aleppo komme, sa't it no liket, moandei oan by opfangsintrum Felida yn Nijeberkeap. De bisten binne earder rêden út in bistetún, dy't troch de oarloch yn it lân fernield rekke is. Se binne op it stuit yn Jordanië. Se soene al earder nei Fryslân ta komme, mar dat transport gie op it lêste momint net troch.

Yn it skema fan no lâne de tigers moandeitemiddei op Schiphol. Oan de ein fan de middei of begjin fan de jûn komme se yn Nijeberkeap oan. De beide tigers makken diel út fan in gruttere groep tigers, liuwen, hyena's en bearen. Bistefersoarger Juno van Zon fan Felida hat holpen by it rêden fan de bisten en reizget mei de tigers nei Nederlân ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)