Ballorig slút boartersparadys yn Aeolus Seisbierrum

13 okt 2017 - 11:40

Ballorig slút mei yngong fan 1 novimber de fêstiging yn de piramide Aeolus yn Seisbierrum. It boartersparadys is dêr sûnt 2002 fêstige. Tiisdei 31 oktober is de lêste dei dat it gebou iepen is. Dêrnei moatte besikers nei It Hearrenfean, Snits of Drachten. Yn jannewaris iepene Ballorig noch in nije fêstiging yn Drachten. Ballorig hat yn totaal 40 filialen ferspraat oer it hiele lân, en yn Dútslân. It is noch net bekend wêrom't Ballorig yn Seisbierrum slút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)