Ljouwert hat noed oer plannen foar wykferpleechkundigen

13 okt 2017 - 11:00

Wethâlder Andries Ekhart fan Ljouwert hat grutte noed oer de mooglike besunigingen fan 100 miljoen euro op wykferpleechkundigen, dy't yn de plannen fan it nije kabinet stean. Ekhart hat it oer in domme maatregel. Neffens de wethâlder dogge de wykferpleechkundigen in soad oan previnsje. Dêrtroch kinne minsken langer thús wenjen bliuwe en hoege se minder gau in berop te dwaan op gemeentlike WMO-subsydzjes. De besuniging sil allinnich Ljouwert al tonnen ekstra kostje, sa ferwachtet Ekhart. Ljouwert hat no al grutte tekoarten by de WMO.

Neffens Ekhart leverje wykferpleechkundigen yn gearwurking mei de soarchfersekerders maatwurk. "Het vorige kabinet Rutte gaf nog aan dit heel belangrijk te vinden. Wat je in jaren hebt opgebouwd wordt zo weer afgebroken. Mensen moeten eerder naar het verzorgingshuis of blijven langer afhankelijk van de gemeente. Dit kost op den duur veel meer geld.'' 
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)