Lytsere mûnen en sinnepanielen as alternatyf Nij Hiddum Houw

13 okt 2017 - 10:14

Komitee Hou Friesland Mooi komt mei in alternatyf plan foar de njoggen grutte wynmûnen dy't op it wynpark Nij Hiddum Houw by de Ofslútdyk komme moatte. It komitee set yn op in lokale enerzjykoöperaasje dy't by de Ofslútdyk 20 oant 40 megawatt oan duorsume enerzjy opwekt mei in kombinaasje fan wyn- en sinne-enerzjy. Sa binne der minder en lytsere wynmûnen nedich. De kosten binne sa'n 21 oant 42 miljoen euro, ôfhinklik fan de grutte fan it park. De koöperaasje betellet sels 5,5 oant 11 miljoen mei en wol dat de provinsje de rest betellet. Ynwenners, bedriuwen en ynstânsjes út de streek kinne dielnimme, bygelyks troch dakromte beskikber te stellen foar sinnepanielen.

"Dit plan bouwt aan het sociale kapitaal en de sociale winst van onze streek en van alle mensen die er wonen, in plaats van die streek en ons woongenot op te offeren aan de belangen van een paar commerciële partijen", seit it komitee yn in reaksje. Earder stapte it komitee út de omjouwings-advysried foar it wynpark om't se it gefoel hie dat allinnich de ynbring fan provinsje en inisjatyfnimmers gewicht hat.
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)