Laverman: Sjonge foar kening en keninginne "superbysûnder"

13 okt 2017 - 09:16

"Dit wie wol ien yn de kategory superbysûnder." Dat seit sjongeres Nynke Laverman oer har optreden foar kening Willem-Alexander en keninginne Máxima by de steatsbesite yn Portugal. Tongersdeitemiddei is se wer thúskaam, in dei nei it optreden yn it Teatro Nacional Dona Maria II yn Lissabon. It keninklik pear bea dêr as tank foar de gastfrijheid in resepsje oan en Laverman mocht der sjonge.

Spannend

It optreden ferrûn goed, mar it wie wol spannend, seit Laverman. "It wie yn in prachtige, grutte teäterseal mei trije rigen balkons. We begûnen mei wat nijs, mei in special guest, in kontrabassist út de fadowrâld dêr. Mei him ha ik in tradisjonele fado dien, oerset yn it Frysk."

Magysk

Ek de Portugeeske presidint Marcelo Rebelo de Sousa wie by it konsert oanwêzich. Neffens Laverman wie hy bot ûnder de yndruk. "Hy bleau mar oh, oh, oh sizzen en dat it sa moai wie en 'magic'. Hiel leuk om te hearren." Ek op it gebrûk fan it Frysk kamen positive reaksjes, ek al koene de oanwêzigen it net ferstean. "Dat is it moaie fan muzyk fansels, dêr ha je net perfoarst de letterlike betsjutting foar nedich. Ik tinkt dat it de earste kear wie, dat der Frysk brûkt waard by sa'n kontraprestaasje. Hiel bysûnder."

Wiidweidich petear

Nei it optreden hat Laverman noch wiidweidich mei de kening en keninginne praat. "Wy tochten dat it wol hiel koart wêze soe, even in hantsje fan 'bedankt', mar se giene echt in hiel petear oan. Earst even oer it optreden, mar dêrnei ek oer muzykedukaasje, it kulturele klimaat yn Nederlân, Kulturele Haadstêd en de skries. Foaral Máxima, oant se troch in hofdame op it skouder tikke waard dat se fierder moast."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)