Kollum: "Lubach"

"Moandeitejûn seagen wy tafallich nei de werhelling fan snein mei Lubach. It gong oer alternative genêswizen dêr’t er net foar betelje woe mar dat no al die as er fysioterapy yn syn soarchpakket hie. Dan betelle er ek foar reynkarnaasjeterapy en mear fan sokke flauwekul. It wie dúdlik dat er neat mei alternative genêswizen hat, mar wat my oanbelanget sloech er de planke folslein mis.
Ik begryp wol dat as je earne net foar betelje wolle, je eins in kar ha moatte. Mar om dan alles op ien bulte te goaien en oeral de gek mei te hawwen, giet my te fier. Want hoefolle ‘gewoane’ medyske missers wurde der wol net makke? En hoe sit it mei al dy faksinaasjes dy’t wy yn ús bern spuitsje litte? Witte se op it konsultaasjeburo eins wol hokker yngrediïnten dêr yn sitte?
Dokter Hans Moolenburgh hat in boek skreaun dêr’t ek misstannen út de reguliere soarch yn stean; Gezond leven in een vervuilde wereld. Ast dat lêst, wurdst ek net bliid. Ik fûn it byld dat Lubach delsette hiel iensidich, want ik ha sels wol goede ûnderfiningen mei it alternative sirkwy. Ik bin net tsjin de reguliere soarch, mar as ik dêr net fierder mei kom of it sint my net, dan sykje ik fierder.
Sa waard ik nachts gek fan ‘e jokte op myn rêch, doe’t ik swanger wie fan ien fan ús bern. It iennichste dat ferljochting joech, wie as Jelle my ynsmarde mei talkpoeier. Dus ik gong nei de húsdokter mei dizze klacht mar neffens him hearde it derby en wie der neat oan te dwaan. ‘Dikke lul, trije bier’, tochten myn horrormoanen en doe ha 'k in ôfspraak mei in iriskopist makke. Ik krige in potsje mei in bepaalde B-fitamine mei. Ik wit net mear hokker fariant, mar it holp al. De jokte ferdwûn en wy koene wer sliepe.
Wy ha fjouwer bern krigen mar nei de âldste krige ik in miskream en nei ús dochter noch twa. Geastlik koe ik dat wol ferwurkje, mar by de tredde waard ik slim siik en ha ‘k in wike yn it sikehûs lein. Dêrnei hie ‘k de hiele dei pinebúk, benammen as ik rûn of fytste. It koste in soad enerzjy en ik lei faak op ‘e bank dus ik gong mar wer nei de húsdokter. Ik sei dat ik wolris nei myn gynekolooch woe. Dat fûn er nuver want wat soe dy no mear witte? ‘Hy hat der foar studearre en ik wol witte wat it is,’ sei ik.
De gynekolooch koe ek neat fine. Hy hie it noch oer in ûndersyk fan de terms mar dat hie neffens my gjin sin. Doe ha ‘k yn It Hearrefean west, by it MCNA. Dêr siet de wize Fryske paragnost Jelle Veeman en hy hie al foarsein dat ik noch twa bern yn ’t fet hie. Ik gong dêr ek nei in arts-astrolooch en hy kaam mei in hiel ferhaal oer de minne kondysje fan ’e slymfluezen yn it liif en dat der sadwaande net in befruchte aaike yn nestelje koe.
Ik krige maretakdrippen mei en in oar drankje om oan te sterkjen. En we moasten wachtsje oant nei de simmer om it wer te besykjen. Nei in wike wie de pinebúk oer en nei de simmer wie ik swanger. We hawwe sûnder problemen noch twa sûne jonges krigen.
Wat soe it no moai wêze dat der ris in balâns fûn wurdt tusken de alternative en reguliere genêskunde. Dêr soene we allegear in soad oan ha kinne. Yn alle gefallen mear as oan dy achterlike útstjoering fan dy eamelpûde."