Reedrydcoach Jeroen de Vries fuort by maratonteam

© Timsimaging.nl
Reedrydcoach Jeroen de Vries fan Sint-Nyk hâldt per direkt op by it maratonteam Bouw & Techniek. Hy seit yn in ferklearring dat hy himsels net mear yn steat achtet om de riders te jaan wat nedich is om optimaal te prestearjen. Hy wol gjin remjende faktor wêze en stapt dêrom fuortdaliks op. It opstappen fan Jeroen de Vries is in hurde klap foar it team, seit teammanager Wissmann. "We hebben het team opgebouwd tot wat het nu is."
Yn seis jier ûnder âld-maratonrider De Vries ferrûn de ûntwikkeling fan de ploech stadich, mar wol omheech.
"Van een team dat onderin bungelde zijn we uitgegroeid naar een vaste waarde in de top drie van het peloton. Afgelopen jaar hebben we zelfs het ploegenklassement van de Topdivisie gewonnen. Daarnaast hebben we mooie overwinningen geboekt en veel podiumplaatsen gehaald. Op het laatste NK afstanden hadden we zelfs vier rijders aan de start van de vijf en tien kilometer. Dat is een mooie erelijst.’’
Assistint-coach Ron Neymann sil De Vries ferfange.