V.V. Ouwe Syl posityf oer trochgean ferlottingsaksje

12 okt 2017 - 22:11

V.V. Ouwe Syl hat op dit stuit 4722 lotten ferkocht yn de ferlotting fan it hûs fan 200.000 euro oan De Kolk. Inisjatyfnimmer Anne Polstra hat goeie hoop dat it oantal lotten helle wurdt dat nedich is om de aksje troch gean te litten: tusken de 5700 en 6000. 

"Oardel moanne lyn wiene der noch mar goed 1800 lotten ferkocht. Doe ha wy de pr-strategy feroare: we meitsje no folle mear reklame fia Facebook en dat slacht oan. De keapers komme benammen bûten Fryslân wei, út de Rânestêd bygelyks'', sa seit Polstra. 

As alles trochgiet, makket de fuotbalferiening nei alle gedachten in winst dy't leit earne tusken de 200.000 en 300.000 euro leit. Fan dat jild moat in nij sportkompleks boud en in keunstgersfjild oanlein wurde. 

Trefwurden: 
V.V. Ouwe Syl ferlotting hûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)