Iten moat asylsikers en boargers Tytsjerksteradiel ferbine

12 okt 2017 - 21:55

Krûdige geuren, lûd gepraat en in hiel soad kultueren byinoar. Dat wienen de yngrediïnten foar it earste moetingsdiner yn Tytsjerksteradiel tongersdeitejûn. Statushâlders en ynwenners fan de gemeente koenen mei-inoar ite, as se mar wat lekkers meinamen. Sa koene asylsikers dy't wenje yn it azc yn Burgum yn de kunde komme mei buertgenoaten en dêrmei de kleau tusken de twa groepen lytser meitsje. It inisjatyf komt fan Vluchtelingenwerk Noord-Nederland yn gearwurking mei de gemeente en Kearn Welzijn.  

Der wiene wol in soad asylsikers yn ferhâlding ta ynwenners fan de gemeente, fynt ien fan de inisjatyfnimmers Bart Nijboer. "Een deel van de inwoners van Tytsjerksteradiel staat er echt voor open. Maar het moet nog groeien." De jûn is in oanset ta in wykliks  'meetingpoint'. "Het is de bedoeling dat bewoners van het azc hier wekelijks kunnen komen om deel te nemen aan activiteiten en klussen te doen. Zo hopen we dat ze echt inwoners van Tytsjerksteradiel zijn en er verbinding ontstaat met de omgeving."  

Trefwurden: 
asylsikers Burgum iten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)