Skuorkalinder om gjin aktiviteit te missen yn 2018

12 okt 2017 - 21:23

Mei help fan in skuorkalinder hoege je takom jier gjin kulturele aktiviteit yn de provinsje te missen. It jier 2018 stiet bol fan de kulturele eveneminten. Neist de tsientallen projekten út it bidbook fan Fryslân Ljouwert Kulturele Haadstêd, binne der nochris hûnderten mienskipsprojekten. Fan de 11 fonteinen en de foarstelling oer Mata Hari oant de Bach estafette en de Camino der Lage Landen, om mar ris wat te neamen.

Hoe misse je neat fan dit alles? Mei help fan in skuorkalinder, sa betocht Gebrich van der Meer. Sy is kultuerredakteur by it Friesch Dagblad. Dêrneist stiet der op elts bledsje in feitsje oer Fryslân. Van der Meer fynt dat Friezen fierstente min witte oer de Fryske histoarje, sport, natuer en kultuer. "Op dizze wize folje ik eltse dei de identiteitstas in bytsje.''      

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)