Renovaasje 50 wenningen yn De Wielenpôlle úteinset

De Wielenpôle yn Ljouwert © Google Street View
Yn de Ljouwerter wyk De Wielenpôlle is tongersdei it startskot jûn foar de renovaasje fan 50 wenningen. Der is in modelwenning ynrjochte sadat bewenners sjen kinne hoe't harren hûs der út komt te sjen. De wenningen yn De Wielenpôlle binne 50 jier lyn boud en neffens wenningbouferiening Elkien oan fernijing ta.
De bûtenkant fan it hûs wurdt isolearre, der komme keunststof kezinen yn mei triple beglêzing. Ek wurdt it dak isolearre en komme der sinnepanielen op. Yn hûs wurdt it fentilaasjesysteem fernijd wêrtroch't der hieltyd skjinne lucht oanfierd wurdt. Troch de sinnepanielen en it fuortheljen fan de CV - en gasynstallaasje wurdt it in saneamde 'Nul op de meter' wenning.