Foar de lêste kear oer de rotonde fan De Jouwer

13 okt 2017 - 07:00

Fytse of skeelerje op de rotonde fan De Jouwer. Dat kin sneontemiddei, op de lêste dei dat de rotonde der leit. De provinsje hat in tal aktiviteiten organisearre. Der wurde ferskate pleinen ynrjochte wêrby't fan alles te dwaan is foar jong en âld. Der binne kulturele en sportive aktiviteiten en der is muzyk. Belangstellenden kinne fan 14.30 oant 15.30 op de rotonde. Ek fljocht der de hiele middei in helikopter oer it gebiet. Dêrfoar kin je in kaartsje keapje. Oant njoggen oere jûns is der muzyk. It alderlêste rûntsje yn de auto op de rotonde is foar de direkteur fan Rykswettersteat Mieke Attema, deputearre Sietske Poepjes en wethâlder Durk Durksz fan de gemeente De Fryske Marren. 

Mear ynformaasje is te finen op http://www.knooppuntjoure.nl/ 

Trefwurden: 
rotonde De Jouwer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)