Nije blikfanger by tagongsdyk Sint-Anne

12 okt 2017 - 17:49

Gemeente It Bilt hat sûnt tongersdei in blikfanger derby. In keunstwurk fan acht meter heech dat op de rotonde fan in tagongsdyk fan Sint-Anne stiet. Keunstner Henk Rusman wie tsien jier lang dwaande mei it stielen keunstwurk, dat bestiet út trije bôgen.

Troch meardere oarsaken bedarre it plan yn de iiskast, mar doe't dúdlik waard dat de gemeente It Bilt opgiet yn Waadhoeke is besletten it keunstwurk dochs noch ôf te meitsjen en del te setten. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)