Fiskpassaazjes binne goed foar de fiskstân

12 okt 2017 - 17:36

De fiskpassaazjes by de kust soargje foar in bettere fiskstân yn de Fryske wetters. Dat docht bliken út ûndersyk fan fjouwer noardlike wetterskippen. Troch de passaazjes kinne ferskate soarten fisk ienfâldiger trochswimme fan de see nei de binnenwetters. Benammen de iel profitearret goed fan de fiskpassaazjes by de kust.

De ôfrûne trije jier is der ûndersyk dien nei wat sa'n passaazje opsmyt. De útkomsten binne helder: in soad. De konklúzje is wol dat der ek yn it binnenlân sokke passaazjes komme moatte, sadat fisk dêr ek op folle mear plakken komme kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)